Testamint fan de siel podcast

Ôflevering 4: It lêste boek, en no?

0:00
49:42
Retroceder 15 segundos
Avanzar 15 segundos

Yn de lêste ôflevering fan Testamint fan de siel fertelt Hylke wêrom't it boek Testamint fan de siel it fertsjinnet om syn slotsang te wêzen. En wat komt hjirnei? Hokfoar dreamen hat Hylke foar de jierren dy't foar him lizze en wêr giet er einst hinne, aanst, nei de dea?

Nei syn sjoernalistike karriêre stoarte Hylke Speerstra him op 60-jierrige leeftiid folslein op it skriuwen fan boeken, lykas It wrede paradys en De oerpolder. Testamint fan de siel is de titel fan syn alderlêste boek, mar it is ek wat dizze podcast is: in testamint fan Hylkes siel. Gewoanwei fertelt er de ferhalen fan oaren, mar no jout er himséls bleat. Noch ien kear fertelt Hylke alles wat er Fryslân efterlitte wol.

See Privacy Policy at https://art19.com/privacy and California Privacy Notice at https://art19.com/privacy#do-not-sell-my-info.

Otros episodios de "Testamint fan de siel"